Harkemase Boys winne mei 1-5

29 aug 2004 - 12:57

In goede seizoenstart foar de haadklasse fuotbalamateurs fan de Harkemase Boys. Yn Swolle fersloegen de Harekieten Be Quick '28 mei 1-5. Nije man Anton Jongsma skreau twa doelpunten op syn namme, lykas Tony Alberda. Ek Sander Hartman skoarde in kear.

ONS Snits die it wat minder tsjin Urk. Nei't de Snitsers mei 1-0 foarkamen te stean, skoarde Urk de lykmakker. Snits ferlear hieltyd mear de grip op de wedstryd en it einige yn 3-5.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)