Harkemase Boys-VVOG: 3-1

16 jan 2005 - 14:07

It amateurfuotbal is sneon wer begûn nei de winterstop. Yn de Haadklasse C wûn Harkemase Boys thús mei 3-1 fan it heger steande VVOG. Dat wie fertsjinne, mar de Boys holden de spanning der lang yn. By de rêst stie it 1-0 troch in goal fan Albert Jan van Zwol.

Nei de lykmakker fan VVOG duorre it lang foar't Sander Hartman 2-1 makke. Uteinlik soarge Anton Jongsma noch foar 3-1. De wedstriid Excelsior-ONS Snits waard ôfsein fanwege it minne fjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)