Harkemase Boys útskeakele

09 jun 2007 - 19:09

It bekeraventoer fan Harkemase Boys sit der op. Yn de heale finale om de lanlike beker ferlearen de Boys sneon mei 5-0 fan it Amsterdamske Türkiyemsport. By de rêst wie it 1-0. Harkemase Boys beëinige de wedstriid mei 9 man. Patrick Goedhart en Jelmer Mullender krigen in reade kaart.

Foar de Boys komt mei dit ferlies in ein oan in rûzich seizoen. De Boys degradearren nei de earste klasse en trener Fritz Korbach krige dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)