Harkemase Boys út top 3

25 okt 2003 - 00:00

Harkemase Boys hawwe harren sneon út 'e top 3 fan 'e haadklasse spile. Op eigen fjild ferlearen se mei 1-3 fan ACV út Assen. De 1300 man publyk seagen earst twa goals fan de Drinten: de earste al nei 7 minuten en de twadde oan it begjin fan 'e twadde helte.

In treffer fan Tony Albeda soarge foar de ommekear. Doe begûn Harkemse Boys pas te fuotbaljen. Se krigen in soad kânsen op de gelykmakker, mar de wedstriid einige dochs yn 1-3-ferlies.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)