Harkemase Boys ûndersiket 'apelûden'

06 mrt 2016 - 09:45
  • Skiedsrjochter Gert Keijl en Pernelly Biya fan VVOG nei it ynsidint

Harkemase Boys wol presys útsykje wat der sneontemiddei bard is yn de einfaze fan de wedstriid tsjin VVOG. Dêrfoar wurde kamerabylden besjoen en wurdt praat mei tsjûgen. Dat seit foarsitter Appie van der Veen fan Harkemase Boys.

Fjouwer minuten foar de ein soene apelûden makke wêze nei VVOG-spiler Pernelly Biya. De skiedsrjochter lei de wedstriid in pear minuten stil. Foarsitter Van der Veen seit dat it om ien supporter gong dy't de opmerking of lûden makke hat. Hy is fuortstjoerd, mar syn namme is bekend. It soe gjin lid fan de klup wêze.

"Soks past net by ús"

It bestjoer fan Harkemase Boys praat moandeitejûn oer de útkomsten fan it ûndersyk en de maatregels dy't mooglik naam wurde. Van der Veen seit dat er it hiel ferfelend fynt wat der bard is. "Harkemase Boys leit hiel goed op koers foar it kampioenskip. Sokke ynsidinten kinne wy net brûke. De oare jonges op it fjild hawwe gelokkich fuortendaliks korrizjearjend reagearre. Soks past net by ús."

Oft der fan de kant fan de KNVB noch weromkaam wurdt op it ynsidint, wit Van der Veen op it stuit noch net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)