Harkemase Boys te sterk foar CSV Apeldoorn

07 mrt 2015 - 17:09
  • Heine Uuldriks en Arton Musliu fan Harkemase Boys
  • Joram Smits fan Harkemase Boys
  • Trainer Jan Vlap

Harkemase Boys wie sneon mei 5-1 te sterk foar CSV Apeldoorn. Op sportpark De Bosk iepene Joram Smits de skoare nei 11 minuten spyljen. Heine Uuldriks makke rap dêrnei de 2-0 op oanjaan fan Oebele Schokker. Op slach fan rêst soarge Robin Huisman de Jong út in strafskop foar de romme 3-0 foarsprong.

Fuort nei rêst soarge Jesse Renken mei in moaie treffer foar de 4-0. De gasten út Apeldoorn mochten noch wat weromdwaan, mar mei syn twadde doelpunt tekene Uuldriks foar de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)