Harkemase Boys spilet bekerfinale yn eigen hûs

01 maaie 2015 - 15:04
  • Harkemase Boys

De bekerfinale tusken Harkemase Boys en Staphorst wurdt spile op it fjild fan Harkemase Boys. Dat is it resultaat fan de lotting fan freedtemoarn op it distriktskantoar fan de KNVB.

De bekerwedstriid wurdt spile op sneon 16 maaie, middeis om fiif oere. It is foar it earst dat Harkemase Boys en Staphorst elkoar yn in bekerfinale treffe. Beide stienen wol earder yn de finale. Harkemase Boys sân kear, dêrfan wûn de ploech der fiif. Foar Staphorst is it de twadde finale, de earste waard ferlern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)