Harkemase Boys pakt drege 1-0 oerwinning op Urk

24 okt 2015 - 16:30
  • Robert Stelpstra makket de 0-1

Harkemase Boys pakte sneon in drege 1-0 oerwinning yn de ynhelwedstriid tsjin Urk. Op eigen fjild sette Robert Stelpstra de iepeningstreffer al nei 6 minuten op it boerd. Mei knappe rêdings wist keeper Erick Jansema de lykmakker foar te kommen. Nei it skoft hie de ploech fan trainer Jan Vlap hâlden en kearen om de foarsprong fêst te hâlden. Mei it nedige gelok wist Harkemase Boys de gasten út Urk op de nul te hâlden.

It is de sechsde oerwinning foar Harkemase Boys. Troch de winst komme de Harkiten no op 18 punten út 7 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)