Harkemase Boys - Nunspeet: 1-0

16 mrt 2003 - 00:00

Harkemase Boys helle sneon in like kurieuze as wichtige oerwinning tsjin Nunspeet. Wylst eltsenien tocht dat it 0-0 bliuwe soe, wist Tony Alberda nei ôfrin fan 'e reguliere spyltiid dochs noch in goal te meitsjen en waard it 0-1. Alberda hie oant dy lette goal noch mar amper gefaarlik west.

Troch dizze oerwinning steane de Harkemase Boys wer grutsk boppeoan yn 'e Haadklasse C mei mei 35 punten út 18 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)