Harkemase Boys net koprinner

23 nov 2013 - 16:33
  • Arton Musliu makke de iepeningstreffer
  • Keeper Maikel Kampjes spile in haadrol yn de wedstriid tsjin Genemuiden
  • Joël Wagenaar foar de Boys yn aksje

Harkemase Boys is der net yn slagge de kopposysje yn de haadklasse C oer te nimmen. Op sportpark De Bosk waard sneon mei 1-1 lykspile tsjin de nûmer twa Genemuiden. Yn in lykopgeande striid holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. Benammen keeper Maikel Kampjes spile in haadrol by de Boys.

Yn de 48e minút tekene Arton Musliu foar de iepeningstreffer. Genemuiden profitearre optimaal fan in flater fan Kampjes en makke yn de 60e minút de 1-1. Joram Smits krige fuort dêrnei de bêste kâns op de winnende treffer, mar fersomme te skoaren.

Troch it lykspul komt de ploech fan trainer Willem Brouwer op 22 punten út 10 wedstriden, lykas Genemuiden. Dêrmei bliuwe beide ploegen op de plakken 2 en 3 stean. ACV bliuwt koprinner mei ien puntsje mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)