Harkemase Boys nei 7-2 winst as koprinner de winterstop yn

19 des 2015 - 16:31
  • Robert Stelpstra mei de 3-0
  • Jordy van Wijk mei de 5-2

Harkemase Boys pakte sneon in romme 7-2 oerwinning op Flevo Boys. Op eigen fjild hiene de Harkiten in poerbêst begjin mei twa treffers fan Robert Stelpstra, ien fan Oebele Schokker en ien fan Arton Musliu. Op slach fan rêst mocht Flevo Boys wat weromdwaan: 4-1. Nei rêst makken de gasten út de Noardeastpolder der 4-2 fan, mar moasten se wol mei tsien man fierder.

De Boys profitearren optimaal, want Jordy van Wijk, Heine Uuldriks en Arton Musliu soargen foar de einstân.

Ek de Harkiten einigen mei tsien man, want Adams Sarkodie krige twa kear giel. De Harkiten gean as koprinner de winterstop yn mei 34 punten út 13 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)