Harkemase Boys nei spektakel yn 'e wachtkeamer

19 maaie 2015 - 23:24
  • Gersinio Constancia
  • Erich Jongeling nei de 2-0

Harkemase Boys hat nei in wiere spektakelwedstriid tsjin Excelsior '31 út Rijssen (5-2 winst) noch altyd sicht op de topklasse, mar hat it net mear yn eigen hân. Op De Bosk stie de thúsploech binnen it kertier op in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Gersinio Constancia en Erich Jongeling. Net folle letter krige dyselde Constancia in reade kaart en krige de Boys it dreech. Dochs waard it fier yn de twadde helte sels 5-0 troch Oebele Schokker, Henny Bouius en Auke Schievink. Yn de lêste minuten waard de einstân foar Excelsior wat draachliker.

Sneon falt de earste beslissing. Wa wurdt klasseperioadekampioen? Excelsior spilet dan thús tsjin it Asser ACV. Dy ploech wûn ferline wike mei 2-0 fan Harkemase Boys.

Excelsior '31 en Harkemase Boys sitte ek noch yn it lanlik bekertoernoai. Dêrom is der neat fan te sizzen hoe't it spylskema fan dy beide ploegen der útsjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)