Harkemase Boys nei Pa Paul

22 feb 2005 - 12:36

De spilers fan it earste alvetal fan Harkemase Boys sille woansdei meiwurkje oan it Vara-televyzjeprogramma Pa Paul. Paul de Leeuw hâldt yn dat programma de 'Ferkiezing fan de sportbroek fan it jier'. Harkemase Boys wie de earste amateurploech, dy't de redaksje fan it programma op ynternet tsjin kaam.

Wat har bydrage oan it programma wurdt, witte de spilers fan Harkemase Boys noch net. Pa Paul is jûns om alve oere te sjen op Nederlân 3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)