Harkemase Boys nei bekerfinale

16 apr 2013 - 23:33
  • Keeper Maikel Kampjes fan Harkemase Boys

Harkemase Boys hat ten koste fan Snits Wyt Swart de finale fan de noardlike beker helle. Pas nei penalty's wûnen de Harkiten. Nei 90 minuten wie de stân 1-1. Snits Wyt Swart kaam nei in dubieuze goal fan Derguti op 1-0. Flak foar rêst skopte keeper Kampjes fan Harkemase Boys mei de bal Marco Ahmed fan de Snitsers knock out. De oanfal gong troch wêrnei't Derguti skoarde. Yn de twadde helte makke Bacuna nei in oere de 1-1. Mei de strafskoppen waard Harkemase Boys keeper Kampjes de held. Hy kearde trije penalty's.

De tsjinstanner wurdt woansdei bekend en komt út it duel Be Quick 1887-Genemuiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)