Harkemase Boys meitsje ACV yn

13 mrt 2004 - 00:00

De Harkemase Boys hawwe sneon fuotbal-klub ACV ferslein mei 0-3. De 0-1 en de 0-2 foelen yn de earste helte en kamen op namme fan Tony Alberda en Sander Hartman. Ek wie der noch in kâns foar André van Tuinen.

Yn de twadde helte yn dizze wedstryd fan it amateurfuotbal yn de haadklasse C waard it 0-3. Martijn Groenewold kopte de korner fan Tony Alberda achter keeper Arjen Langeveld fan ACV. De Boys kinne weromsjen op in goede wedstryd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)