Harkemase Boys krijt jild fan Nuon

31 maaie 2015 - 13:51

Harkemase Boys hat sneontemiddei in jildbedrach krigen fan enerzjybedriuw Nuon. De fuotbalklup is ien fan de njoggen finalisten fan de Nuon Club Competitie 2015. Dêrby wurdt sjoen nei enerzjy-besparjende maatregels dy't sportklups trochfiere.

Harkemase Boys hat in sjek fan 10.000 euro krigen. It jild waard útrikt yn de kantine fan de Harkiten troch televyzjepresintator Toine van Peperstraten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)