Harkemase Boys kampioen

25 apr 2009 - 17:01
  • Der wie sneontejûn grut feest op sportpark De Bosk op 'e Harkema

Harkemase Boys is sneon foar de twadde kear kampioen kampioen wurden yn de sneonshaadklasse C. Yn Wezep wûn de ploech mei 2-1 fan WHC. Dat wie genôch foar de titel om't de neiste konkurrint, HHC Hardenberg, by Oranje Nassau Grins mei 2-1 ferlear.

Yn 2003 waard Harkemase Boys foar de earste kear kampioen fan de haadklasse. Fan 18.00 oere ôf wurdt der feestfierd op sportpark De Bosk. In jier lyn waard Harkemase Boys kampioen fan de earste klasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)