Harkemase Boys grypt njonken kampioenskip

09 maaie 2015 - 16:33
  • Heine Uuldriks fan Harkemase Boys

Harkemase Boys is gjin kamioen wurden yn de haadklasse C. Troch de 4-2 nederlaach tsjin Flevo Boys moatte se fierder yn de neikompetysje. Op eigen fjild setten de Harkemasters goed útein. Yn de 30e minút sette Henny Bouius de 1-0 op it boerd. De Boys hienen kânsen op de 2-0, mar yn stee dêrfan kamen de gasten op likense hichte.

Noch gjin minút letter soarge Heine Uuldriks foar de 2-1. Trije minuten nei rêst kaam Flevo Boys werom. De slotfaze wie foar Flevo Boys dat twa kear trefseker wie. De Harkiten ferspilen dêrmei it kampioenskip.

Harkemase Boys spilet sneon 16 maaie ek noch de bekerfinale tsjin Staphorst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)