Harkemase Boys ferpletterje ONS

29 mrt 2005 - 13:47

Harkemase Boys hat moandei de derby tsjin ONS út Snits mei 5-0 wûn. By de rêst stie it al 2-0 foar de manlju fan coach Lutzen Nijboer. ONS joech it earste kertier goed partij, mar dêrnei wie it dien. Grutte man by de Boys wie Tony Alberda mei trije treffers.

Harkemase Boys stiet no allinnich op it twadde plak yn de sneonshaadklasse C. Se hawwe trije punten achterstân op koprinner Exelsior '31 en in wedstryd mear spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)