Harkemase Boys ferlieze fan Urk

06 mrt 2004 - 00:00

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat sneon op sportfjild De Bosk op De Harkema ferlern mei 1-2 fan Urk. Yn de earste helte wie Harkemase Boys dúdlik de bettere ploech. Tony Albeda wist te skoaren en sa koe de ploech mei 1-0 it skoft yngean.

Nei it skoft spile Urk lykwols better. Nettsjinsteande dat De Harkema dochs wol druk útoefene op it Urker doel, wist de ploech net mear te skoaren. Urk wist wol twa doelpunten te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)