Harkemase Boys ferlieze

06 feb 2005 - 12:39

Nei in penalty-sery lizze de Harkemase Boys út de bekerwedstriden. De wedstryd tsjin Appingedam einige sneon yn 2-2. Yn de earste helte skoarden beide teams elk in doelpunt. Fierder hie Tony Alberda fan de Harkemase Boys in soad kânsen, mar dy mislearren stik foar stik.

Yn de twadde helte bleau it lykspul, mar dan mei twa doelpunten foar beide ploegen. Martijn Groenewold skoarde foar de Harkemase Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)