Harkemase Boys ferliest wer

21 apr 2007 - 17:33

Harkemase Boys hat thús mei 2-1 ferlern fan Genemuiden. Patrick Goedhart makke de 1-0 foar de Boys. Yn de 33e minuut makke Genemuiden út in penalty gelyk. Nei in soad kânsen foar Harkemase Boys makke Genemuiden trije minuten foar tiid 2-1.

De degradaasjeplakken komme no wer tichterby. De Boys stean no tsiende mei 24 punten. It ferskil mei nûmer tolve is fiif punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)