Harkemase Boys ferliest wer

19 nov 2011 - 16:49

Harkemase Boys hat sneon yn Hardenberg mei 3-2 ferlern fan HHC. Yn de earste helte kamen de Boys op foarsprong troch in doelpunt fan Reinder Slager. HHC kaam nei de rêst sterk de klaaihokken út en sette binnen 12 minuten de 3-1 op it skoareboerd.

Koos Werkman brocht de spanning werom yn de wedstriid mei in oanslutingstreffer yn de 82e minút. Mar de Harkiten wisten sels yn de fiif minuten ekstra tiid net noch in goal te meitsjen. Harkemase Boys hat no 11 punten út 14 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)