Harkemase Boys-Berkum: 2-0

05 apr 2010 - 16:58

Sneonshaadklasser Harkemase Boys wûn op peaskemoandei op sportpark De Bosk mei 2-0 fan Berkum út Swolle. Yn de earste helte waard der net skoard. Yn de 65e minút wie it Jelmer Slager dy't út in foarset fan Martijn Barto de 1-0 op it skoareboerd sette.

Troch in ynset fan Oebele Schokker, dy't fan rjochting feroare waard, waard de einstân 2-0. Harkemase Boys hat no 40 punten út 20 wedstriden. De ploech stiet twadde, fjouwer punten achter Excelsior '31 út Rijssen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)