Harkemase Boys bekert fierder

24 aug 2011 - 22:18

Harkemase Boys hat woansdei yn Nijmegen foar de beker mei 3-2 wûn fan de amateurs fan NEC. Yn de earste helte krigen beide ploegen kânsen, mar it wiene de Friezen dy't op slach fan rêst in goal makken. Roel van der Meulen skoarde mei in yndividuele aksje fan de middelline ôf en makke it moai ôf.

Nei rêst rûn Harkemase Boys yn 10 minuten út nei 3-0 troch twa goals fan Derguti. NEC kaam binnen it kertier werom nei 3-2 en dat wie de einstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)