Harkemase Boys begjint seizoen

20 jul 2011 - 11:02
  • Harkemase Boys (foto: awfoto.nl)

Foar Harkemase Boys begûn tiisdeitejûn it nije seizoen mei it foto- en parsemomint. Troch fakânsje en wurk wie de seleksje fan de topklasser noch net folslein. Harkemase Boys sil it nije seizoen yn mei in seleksje fan 21 spilers. Dy seleksje is yn fergeliking mei it ôfrûne seizoen bot feroare.

Nije spilers op De Bosk binne ûnder oare Marnix Kolder, Erik Eleveld, Bas Hooiveld, Koos Werkman, Marcel Pannekoek, Roelof de Jong, Ewald Koster en Ernst Pieter Bantema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)