Harkemase Boys begjint mei romme oerwinning

12 sep 2015 - 16:34
  • Robert Stelpstra fan Harkemase Boys

Harkemase Boys is de kompetysje sneon útein set mei in romme 9-0 winst by DOS '37. Yn Vriezenveen hienen de Boys in makje. Arton Musliu skoarde nei in kertier de 1-0, debutant Robert Stelpstra makke de 2-0. Mei in penalty makke Huisman de Jong de tredde treffer. Boppedat moast de DOS-keeper mei read fan it fjild. Stelpstra tekene mei syn twadde doelpunt foar de 4-0 rêststân.

Oebele Schokker iepene de twadde helte mei in prachtige lob. Treffers fan Jesse Renken, Heine Uuldriks, Schokker en in eigen treffer soargen foar de einstân.

Mei de romme oerwinning makke de ploech fan trainer Jan Vlap de falske start fan de kompetysje ferline wike hielendal goed. Doe kamen de Boys net yn aksje fanwege in te wiet fjild op sportpark De Bosk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)