Harkemase Boys - ACV 1-1

16 nov 2002 - 00:00

De topper yn 'e sneons haadklasse Harkemase Boys - ACV waard sneon 1-1. Jan van Raalte skoarde nei in heal oere út in strafskop 1-0 foar De Harkema. Yn 'e twadde helte misten de Harekieten in soad kânsen. Benammen Tony Alberda liet de kâns op 2-0 lizze.

ACV skoarde in kertier foar tiid 1-1 fia Ruud Jalving. De wedstriid luts mear as tûzen minsken. Dy genoaten fan 'e earste helte, mar seagen letter hieltiten minder troch de mist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)