Harkema wint mei Korbach: 5-1

28 okt 2006 - 16:45

Sneonshaadklasser Harkemase Boys pakte sneon ûnder lieding fan de nije trener Fritz Korbach mei oertsjûging trije punten. Op sportpark De Bosk waard mei 5-1 wûn fan Go Ahead Kampen. Mei trije goals wie Robert Herder de man fan 'e wedstriid. De oare Boys-doelpunten wiene fan Jelmer Slager en Valery Sedoc.

ONS wûn yn Assen mei 5-2 fan ACV. De Snitser doelpunten wiene fan Van der Heide(2), Haarman, Mann en Westerhof.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)