Harkema en Drachten: 0-0

26 feb 2001 - 09:27

De Harkemase Boys spilen sneon tsjin de Drachtster Boys. It slagge beide ploegen net om te skoaren. Troch winterske omstannichheden seagen 2500 taskôgers in midsmjittige Fryske derby yn de earste klasse fan it amateurfuotbal.

De Harkemase Boys krigen de measte kânsen, mar misten in skerpe man foaryn. Se bliuwe middenmoater. De Drachtster Boys stelden teloar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)