Hark. Boys wint fan Lisse

11 sep 2010 - 16:38

Yn de topklasse hat Harkemase Boys op de sportpark De Bosk mei 2-0 wûn fan Lisse. Yn in oantreklike wedstriid kamen de Boys nei in lytse tsien minuten op in 1-0 foarsprong troch in goal fan Harvey Bischop. Flak foar it skoft makke Dennis Krohne de 2-0.

Lisse krige fral yn de twadde helte in protte kânsen maar wist gjin goals te meitsjen. Doelman Jacob de Vries fan Harkemase Boys spile in hiel bêste wedstriid. Harkemase Boys hat no njoggen punten út fiif wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)