Hark. Boys - ONS live op tv

07 apr 2006 - 07:58

Omrop Fryslân bringt kommende sneon foar it earst in wedstriid út it amateurfuotbal rjochtstreeks op tillevyzje. It giet om de Fryske twastriid tusken Harkemase Boys en ONS út Snits. ONS is by winst noch gjin kampioen. Mar de titel is dan wol hast wis. De Boys stride noch om it twadde plak.

Omrop Fryslan stjoerde yn it ferline op tv al wolris in pear wedstriden fan Cambuur en Hearrenfean út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)