Hark. Boys feilich nei winst

16 apr 2011 - 16:35
  • De oanjouwer (foto: awfoto.nl)
  • De ôfmakker (foto: awfoto.nl)

Harkemase Boys spilet ek takom seizoen yn de topklasse fan it amateurfuotbal. Troch in 3-1 oerwinning op Hoek is de ploech wis fan liifsbehâld. Dennis Krohne hie in grut oandiel yn de oerwinning, want hy skoarde alle trije doelpunten. Dat die er alle kearen op oanjaan fan Oebele Schokker.

Domper foar de thúsploech wie it útfallen fan Ale de Boer yn de slotfaze. Hy moast mei in knibbelblessuere it fjild ferlitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)