Hark. Boys en De Jouwer winne

29 apr 2009 - 22:46
  • De Jouwer hat skoard (foto Martin de Jong)

Harkemase Boys en Sportklup De Jouwer ha woansdeitejûn de heale bekerfinale helle. De Boys, de kampioen fan de sneonshaadklasse, hiene it net dreech tsjin Gryptsjerk, de kampioen fan de twadde klasse. It waard op Sportpark De Bosk in romme 8-0 oerwinning.

De Jouwer hie it folle dreger. Tsjin Sportklup Erica waard muoisum mei 2-0 wûn. Healwei wie it 1-0 foar de thúsploech, fier yn blessueretiid waard it 2-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)