Hark. Boys begjint mei topper

01 jul 2010 - 08:57

Harkemase Boys begjint de kompetysje yn de nije topklasse fuortendaliks mei in topper. IJsselmeervogels komt op sneon 21 augustus nei Sportpark De Bosk op De Harkema. Dy ploech waard dit jier amateurkampioen fan Nederlân.

Dêrnei moatte de Boys fan trainer Henk de Jong it opnimme tsjin Rijnsburgse Boys. Yn de tredde spylronde folget de noardlike twastriid tsjin Flevo Boys, de ploech fan ûnder oare spits Age Hains Boersma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)