Harekyt ferstoppet iisfûgels

08 jul 2008 - 09:50

De plysje hat ôfrûne wike in Harekyt (22) oanhâlden fanwege yllegale hannel yn iisfûgels. De man hie sân iisfûgels yn 'e hûs en koe de plysje net fertelle hoe't er deroan kaam.

De iisfûgel is in beskerme fûgelsoart. Je meie iisfûgels net thús hâlde. De hannel is ferbean. De fertochte besocht doe't er seach dat de plysje deroan kaam in tal iisfûgels op it húske te ferstopjen. Op it plysjeburo waard prosesferbaal tsjin de man opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)