Harekieten winne mei 3-2

31 okt 2004 - 13:45

Nei in bysûnder spannende wedstryd hawwe de Harkemase Boys sneon wûn fan Excelsior. De wedstryd begûn in kertier te let om't Excelsior sportpark De Bosk net fine koe. Flak foar rêst skoarde Sandor Hartman de 1-0 foar de Boys.

Tsjin de ein fan de twadde helte rûgele it doelpunten. 1-1, 2-1, 2-2, 3-2. It waard sels 3-3, mar dy lêste goal foar Excelsior waard ôfkard fanwege in oertreding. Yn de haadklasse einige ASV Dronten tsjin ONS Snits yn 0-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)