Hardcorejûn foar Kika yn Noa

24 apr 2010 - 15:20
  • Stanley Menzo en Alex Pama namen de cheque yn ûntfangst (foto: Binne Louw Katsma)

De hardcore dancejûn foar KiKa yn Club Noa yn Ljouwert hat freed 6500 euro opbrocht. De kaartferkeap en ek in part fan de drankomset gie nei it goeie doel. De jûn wie de lêste winsk fan de yn jannewaris fierstente jong ferstoarne Ljouwerter Henkie (44).

Henkie koe de striid tsjin kanker net winne, mar woe noch wol ien kear wat dwaan foar bern mei kanker. Henkie syn maten, lykas MC Da Mouth of Madness & Opa Drokz hiene de jûn organisearre om Henkie syn lêste winsk wier te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)