Harambe tsjin de flakte

17 mrt 2014 - 18:39

Sosjaal-kultureel sintrum Harambe yn Appelskea wurdt sloopt. De boerepleats dêr't it sintrum 25 jier yn siet, moat plak meitsje foar fiif senioarewenten. Wethâlder Sierd de Boer helle mei in kraan de earste muorre del. Ferienings en ynstellings kinne op tal fan oare lokaasjes yn it doarp terjochte, seit de wethâlder. As earbetoan spile Moestafa mei syn jembee-groep.

Neffens de wethâlder is alles goed besprutsen mei de omwenners en pleatslik belang. Der binne gjin protesten tsjin it ferdwinen fan de pleats út it sintrum fan it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)