HappyTrailer oernaam troch NCH

23 jan 2009 - 20:44

It bedriuw Happy Trailer út Frjentsjer wurdt nei it fallisemint fan twa wiken lyn oernommen troch NCH yn Hoogeveen. Happy Trailer makket trailer-ûnderstellen fan frachtweinen.

Ek it bedriuw yn Hoogeveen is aktyf yn de frachtweinwrâld. NCH slút de festigings fan Happy Trailer yn Frjentsjer en De Like. Fan de 22 personielsleden krije foarearst allinnich seis meiwurkers út De Like in baan yn Hoogeveen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)