Happy Trailer is fallyt

07 jan 2009 - 12:35
  • Happy Trailer is fallyt

It bedriuw Happy_Trailer út Frjentsjer is tiisdei fallyt ferklearre. Dat is in gefolch fan de kredytkrisis. It bedriuw makket trailer-ûnderstellen fan frachtweinen.

It fallissemint hat foaral gefolgen foar de produksjefestiging yn De_Like. Neffens kurator Verdonk sil er foar de 22 meiwurkers yn Grinslân sa gau mooglik it ûntslach oanfreegje. It fallissemint hat foarearst gjin gefolgen foar de acht meiwurkers op it haadkantoar yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)