Hantlieding foar bouwe op hiem

14 des 2011 - 21:35
  • Boerepleats

De boeren yn Weststellingwerf kinne as earsten yn Fryslân gebrûk meitsje fan in hantlieding as se bouwe wolle op har eigen hiem. Bouwe soarget oeral foar in soad diskusje en argewaasje fanwege de strange regels yn it bûtengebiet. Doel fan de gemeente is om fan te foaren mei de boeren oerlis te hawwen oer de plannen.

Yn de hantlieding stean advizen oer bygelyks it pleatsen fan silo's, it omgean mei houtsingels, it gebrûk fan duorsum boumatriaal, de ûntsluting fan it hiem en de foarm fan de nije gebouwen. Oeral yn Fryslân moatte aanst nije bestimmingsplannen makke wurde. De provinsje sil de mooglikheid om te bouwen op it hiem ferromje fan oardel nei trije bunder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)