Hantekens oanbean yn Den Haach

08 feb 2005 - 15:28

Yn Den Haach binne tiisdei 5600 hantekens oanbean om de Angoleeske famylje Dos Santos yn Appelskea te hâlden. It gesin driget it lân úset te wurden. It giet om de famylje fan wa't de soan en broer ôfrûne simmer ferdronk yn de Kanadamar by Elslo. De jonge is hjir begroeven.

In soad ynwenners fan Appelskea fine dat syn famylje hjir bliuwe kinne moat. Se soene boppedat net feilich wêze yn Angola.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)