Hantekens foar Koen Brack

09 jun 2009 - 10:09
  • Brack yn gesprek mei de supporters
  • Koen Brack yn pak yn it Cambuurstadion (foto Martin de Jong)

Cambuurspiler Koen Brack krige moandei hast 1200 hantekenings fan Cambuursupporters dy't him graach by de fuotbalklup hâlde wolle. De supporters fan SC Cambuur binne in grutte aksje begûn om de ferdigener bytekenje te litten by de fuotbalklup.

Ferline wike waard in 'Koentje moet blijven' Hyves iepene en sneontejûn gie ek noch in webside de loft yn mei dêrop in digitaal hantekeningeboek. Brack is bliid mei de stipe fan de supporters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)