Hantekens foar klimaatferdrach

13 okt 2009 - 10:34

Mear as 300 minsken setten dit wykein in hanteken foar in effektyf en rjochtfeardich Klimaatferdrach. It platfoarm Duurzaam Heerenveen sammele de hantekens yn 'e biblioteek en de Enerzjybeurs. Yn desimber komme de wrâldlieders yn Kopenhagen byelkoar om in nij klimaatferdrach te tekenjen.

Mei de aksje slút it platfoarm oan by it lanlike inisjatyf 'Beat the Heat Now'. De hantekens wurde noch foar Kopenhagen oanbean oan Minister Cramer fan VROM.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)