Hantekens foar eigen Fryslân

22 maaie 2013 - 16:20

Op it provinsjehûs yn Ljouwert binne woansdei mear as 2100 hantekens oanbean fan minsken dy't wolle dat Fryslân as selsstannige provinsje bestean bliuwt. It bysûndere wie dat de hantekens ophelle binne troch skoalbern fan Drachten fan tusken de 8 en 12 jier. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma is hiel wiis mei de hantekens. Hy wol se sels meinimme nei Den Haag, nei minister Plasterk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)