Hantekens foar behâld Thialf

25 maaie 2013 - 08:52
  • De Fryske delegaasje mei de 40.000 hantekens yn Utrecht
  • Terpstra earder by it yn ûntfangst nimmen fan hantekens foar Thialf

It bestjoer fan de KNSB oerleit sneontemiddei oer de takomst fan de oanwizing fan de topsportiisbaan fan de takomst. By dat oerlis krijt KNSB-foarsitter Doekle Terpstra de hantekens oanbean dy't ôfrûne wike byinoar helle binne foar it behâld fan Thialf as reedrydmekka. Mear as 10.000 minsken tekenen de petysje 'Thialf moet blijven'.

Under har reedriders Sven Kramer, Ireen Wüst, Claudia Pechstein en Tonny de Jong en bekende Friezen as Henk Gemser en Doutzen Kroes. De Facebookside 'Thialf moet blijven' waard mear as 28.000 kear 'liked'.

Foarsitter Doekle Terpstra nimt de hantekens om 14 oere yn Utrecht yn ûntfangst. Yn in advertinsje fan in hiele side yn De Telegraaf neame Sven Kramer en Epke Zonderland it plan foar Thialf in 'gouden kâns'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)