Hantekenings tsjin wynmûnen

22 okt 2014 - 10:20
  • Jorritsma mei hantekenings aksjegroep Tsjummearum-Furdgum MegaMolens Nee

De aksjegroep Tsjummearum-Furdgum MegaMolens Nee hat woansdei 518 hantekenings tsjin de plannen foar grutte wynmûnen oan it provinsjebestjoer oerlange. De aksjegroep wol dat de provinsje jild beskikber stelt foar ûndersyk nei hoe't it der útsjocht as de grutte wynmûnen yn it lânskip komme. De groep tinkt sels oan 3D-bylden sadat goed te sjen is wat de ynfloed fan de mûnen is.

Kommissaris fan de kening John Jorritsma sei by de ûntfangst dat it kolleezje fan Deputearre Steaten de miening fan de aksjegroep meinimt yn de beslútfoarming.

Foar 1 jannewaris moat it Ryk witte wêr't Fryslân de wynmûnen hawwe wol. Op 17 desimber nimme Provinsjale Steaten in definityf in beslút oer wêr't se stean meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)