Hantekenings foar swimbad

22 okt 2010 - 00:25
  • Boargemaster Fred Veenstra naam de hantekens yn ûntfangst

Fertsjintwurdigers fan it swimbad yn Frjentsjer hawwe tongersdeitejûn 12-tûzen hantekens oanbean oan de boargemaster om foar te kommen dat it swimbad ticht moat. Iepen hâlde wurdt te djoer en dy kosten kin en wol de gemeente net mear opbringe. Ynwenners fan Frjentsjer hawwe de ried oproppen om te ûndersykjen oft it bad dochs net iepen bliuwe kin.

In oantal partijen hat tasein dêr wol nei sjen te wollen. Op 4 novimber nimt de gemeenteried in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)