Hantekenings foar swimbad

20 sep 2010 - 21:24
  • Der wiene earder ek al protesten (foto Omrop Fryslân)

Aksjegroep 'Laat Franeker niet verzuipen' hat de ôfrûne wiken 5500 hantekens ophelle tsjin it opdoeken fan swimbad Bloemketerp. De gemeente Frjentsjerteradiel hat plannen it bad te sluten of te ferkeapjen fanwege besungings. It swimbad hat alle jierren in tekoart fan sawat 350.000 euro.

Uteinlik hopet de aksjegroep tusken de 8000 en 10.000 hantekenings op te heljen. Dy sille op 21 oktober oan de gemeente oanbean wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)